...altyd nijsgjirrich!

De Harpspiler pleatst

It prachtige keunstwurk fan Oene van der Veen út Gytsjerk is freedtejûne pleatst op de sokkel. It keunstwurk paste presys en foar de tiid hie de keunstner noch gau efkes kontrolearre of de ûnderste skroeven noch wol wetterpas wienen.

It byld stie opslein by Hellinga dy’t it ek mei in frachtwein mei in kraan te plak brocht hat. Op de hoeke fan de Lauwersmarwei en de Rengerswei, tsjin de yngong fan Stania State oer, komt it keunstwurk hiel moai út. Hjir hat it op ynisjatyf fan Oene van der Veen no it definitive plakje krigen. Der wurdt noch ferljochting by oanbrocht en de grûn der omhinne sil ek noch oanpast wurde.

Der komt noch in ofsjele ûnthulling mar wannear dat krekt wêze sil is op dit stuit noch net bekend.