...altyd nijsgjirrich!

Lêste dei Alvestêdetocht troch de Trynwâlden

Sneon wie de lêste dei foar Alvestêdetocht rinners. Dizze fijfde dei wie de Fryske dei. Dat wie te sjen! In soad rinners hienen harren aardich Frysk oanklaaid.

Dizze tocht giet de skiednis yn as in tocht mei alle dagen prachtich waar. En de wyn draaide ek nochris mei de rinners mei. Der wienen net folle útfallers.

Der rûnen wer ferskeidene Trynwâldsters mei. Ien fan harren, Johan Doper út Oentsjerk, rint de tocht al foar de 45ste kear!

Der waarden allerhanne aktiviteiten organisearre. Sa wie der musyk yn Oentsjerk en song Smartlappekoar “Sipelsjeu” út Ljouwert yn Gytsjerk. Dêr wienen ek studinten mei spesjale aksjes. Doe’t wethâlder Houkje Rijpstra yn har eigen wenplak tusken de taskôgers ûndutsen waard, moast sy fansels ek yn aksje komme. Mei in maltsje waard in pompeblêd op it gesicht fan in rinner skildere.

Al mei al wie de sfear hiel goed en wie de sneontemoarne samar om en wienen de rinners samar yn Ljouwert!