...altyd nijsgjirrich!

Feestkommisje Mûnein – Readtsjerk

NIJS FAN DE DOARPEN FEESTKOMMISJE. Wy sjoche ek foarút nei 2017!

 

Beste minsken fan ‘e Mûnein, Readtsjerk en omkriten.

Feest 2016! CODE ORANJE

As Doarpsfeestkommisje sjogge wy werom op in tige slagge doarpsfeest mei in protte besikers. De freedtejûn mei de top 140-band Virus en de ferlotting wienen tige gesellich mei in protte ferklaaide minsken yn it tema CODE ORANJE. It wy feest yn ‘e tinte! De ynfolling fan de sneon wie oars. It matinee begûn oan it ein fan de middei. It wie dan ek efkes ôfwachtsjen hoe de jûn ferinne soe. Mar lokkich siet de gesellige  sfear, ûnder muzikale begelieding fan Roel & Marty en DJ Sybren, der al fluch yn.

Ek de oare aktiviteiten, lykas de bernespultjes en it volleybaltoernoai, binne tige goed ferrûn. De Barrelrace op de sneontemiddei wie dit jier foar it earst. Dit wie blykber noch efkes wennen want der hienen wol mear minsken komme kind. It wie lykwols in tige moai gesicht hoe de grutte en lytse hynders it útsette parkoers  ôfleinen.

Wy hawwe it feest dit jier ôfsletten mei in drok besochte tsjerketsjinst yn de tinte.
Koart sein: wy binne tige tefreden oer it feest en wolle hjirby de frijwilligers en sponsoaren hertlik betankje!

Op de foto’s in koarte sfearympresje fan it feest 2016.

Feest 2017
Takom jier is it feest yn it wykein fan 11, 12 en 13 maaie. Wanneart’t jimme suggestjes hawwe, sprek dan ien fan ús oan of mail it nei Janke Wiersma jtwiersma83@hotmail.com.

Wa sitte der no yn de Feestkommisje?
Op de foto  stiet de Doarpsfeestkommisje ôfbyld. Spitigernôch stiet ús skathâlder, Ypie Duursma-Groenewoud, net op de foto.

Op de foto fan links nei rjochts: Siete Stoker, Bob van der Wal (kroegbaas), Eelke Kuipers, Janke Wiersma-Bosma (foarsitter),
Sijke van der Ploeg,Marijke Havinga, Anita Reintjes (secretaris) en Jan van den Berg.

Wy binne altyd op syk nei minsken dy ús kommisje fersterkje wolle. Liket it dy leuk, lit it dan ien fan ús witte!
Foarearst in noflike simmer tawinske en oant yn 2017!

Doarpsfeestkommisje Mûnein/Readtsjerk

Janke T. Wiersma-Bosma
Foarsitter