...altyd nijsgjirrich!

Fryske middei 11 septimber

Hâlde jo fan in gesellige Fryske middei mei muzyk, dan hat Swalk no in moaie ôfwikseljende middei foar jo yn petto. Swalk is in projekt fan Tresoar yn Ljouwert. Swalk bringt de Fryske literatuer en kultuer by de minsken yn Fryslân. Mei in rige optredens troch Fryslân, mar ek op Twitter, Facebook en in webside (swalk.nl) wol Swalk de leafhawwers fan de Fryske taal en kultuer graach berikke.

Brieven
Swalk is in Frysk multymedia spektakel mei byld, lûd, muzyk en ferhalen. Dit jier is it tema fan Swalk ‘Brieven’ omdat it Kadoboek ‘Neiskrift’, in brieveboek is. Marga Claus en Aggie van der Meer ha inoar brieven skreaun en dy binne opnommen yn dit boek.
De namme ‘Kadoboek’seit it al: dat krije jo kado by oankeap fan in Frysk boek. Fierder is der as spesjale oanbieding it Aksjeboek foar bern, ‘Wapper’ skreaun en yllustrearre troch Yke Reeder; te keap foar € 4,95 (nei ein septimber € 12,50).

Fryske printeboeken
De muzyk tidens Swalk wurdt fersoarge troch de band ‘Wiebe’, besteande út Wiebe Kaspers, Florian den Hollander en Daan Slagter. Bekend fan û.o. Omrop Fryslân mei de hit: ‘Der rydt in boer nei Aldegea…’. Wybo Smids û.o. bekend fan iepenloftspul Jorwert, hat de lieding fan de Swalkoptredens. Tidens alle optredens is der plak ynrûme foar in live optreden fan in Fryske skriuwer of keunstner. Snein 11 septimber komt Swalk nei Gytsjerk yn de biblioteek om 15.00 oere mei twa berneboekeskriuwsters. Yke Reeder skreau en yllustrearre it Aksjeboek foar bern ‘Wapper’ oer in bysûnder fûgeltsje en Joke Scheffer skreau ‘Skelte wol in skelter’. De middei is ek geskikt om mei de (berns-)bern hinne te gean.

Reizgje
Der is boekeferkeap fan Boeken fan Fryslân, en fansels binne de boeken fan de skriuwers dy’t optrede ek te keap. Op snein 18 septimber jilde it Kado- en Aksjeboek foar bern as ferfierbewiis tidens de Reisaksje. Jo hoege dy deis yn Fryslân yn bus of trein net yn te tsjekken, mar kinne ien fan beide boeken sjen litte. Yn Grinslân jilde beide boeken yn de Arriva trein ek as ferfierbewiis.

Snein 11 septimber 2016
Biblioteek Gytsjerk
15.00 oere;
Yntree: € 7,50; leden: € 5,00

www.swalk.nl
https://www.facebook.com/fryskoptoernee/
Twitter: @fryskoptoernee

Hjir is de poster te finen