Op sneon 6 maaie om 15.00 oere wurdt in tinkstien ûntbleate oan de haven fan de Mûnein. In tinkstien foar de “ceremoniemeester ” Lytse Sjoerd.
Lytse Sjoerd wie Sjoerd de Vries, berne yn 1902 yn de Mûnein. Hy wie yn de jierren 50 -70 fan in ferneamd ceremoniemeester op brulloften en oare feesten. In ” hit ” wie ûnder oare it stikje ” Gepke mei de bôlekoer “. Eltsenien is op 6 maaie wolkom by de ûntbleating fan de namme Lyste Sjoerd op de swerfstien by de haven. Yn de Doarpskrante fan desimber 2016 fine jo in stikje oer en foto fan Sjoerd en syn frou Sijke.