20.00 ere Oentsjerk

De hjerstgearkomste Fûgelwacht Trynwâlden is op tongersdei 16 novimber 2017 om 20.00 oere yn “Brasserie De Canterlanden” yn Gytsjerk.
Hjir wurdt koart sprutsen oer bestjoerlike saken fan de fûgelwacht, bygelyks oer de kommende ekskurzjes nei it bûtenlân.
Max Slingerland lit wat sjen oer syn reis nei Kenia.
Dernei “Natoerkennis wurksjop” troch Pyt van de Polder en Jappie Seinstra.
Tusken de presentaasjes yn wurdt fansels de ferlotting dien.

Fan herte wolkom yn Brasserie De Canterlanden!