14.30 Mûnein/Readtsjerk

Op snein 27 febrewaris komt Inez Timmer nei de Fryske Krite om 14.30 oere yn de Trochreed te Readtsjerk.

Inez Timmer, eartiids frontfrou fan de bekende Frysktalige folkgroep Irolt. Hjoeddedei ynternasjonaal musicalactrice, theatermakster en sjongeres. Sy spile yn mear as tritich musicals. Tegearre mei Peter van der Zwaag sil sy in programma gearstalle mei fan alles wat. Peter van der Zwaag, briljant pianist, is de fêste begelieder fan Willeke Alberti en wurke û.o. tegearre mei Liesbeth List, Robert Long en Jenny Arean. Foar dizze middei: fleurich, Frysk, Frânsk, miskien ek wat Nederlânsk der by.

Mear ynformaasje oer kosten, opjefte en mooglikheden sjoch de taheakke PDF.

Ynfo oer optreden Inez Timmer