Doarpsbelang Ryptsjerk stiet posityf tsjinoer it organisearjen fan in Bloeiwike yn Ryptsjerk.
In Bloeiwike yn Ryptsjerk, troch en foar ús ynwenners, troch en foar jong en âld.
In Bloeiwike soarget foar ferbining tusken de bewenners yn ús doarp.
Wy wolle jimme en ús bewenners ynformearje oer sa’n Bloeiwike. Dit dogge we yn gearwurking mei de Stichting Fryslân Bloeit.
Wy nûgje jimme út foar dizze ynformaasjejûn op tongersdei 13 novimber om 20.00 oere yn doarpshûs de Einekoer.
It soe moai wêze as neist ús bewenners der ek fan alle ferieningen en organisaasjes in ôffurdiging komt op dizze jûn, sadat wy mei elkoar beprate kinne as der in Bloeiwike yn Ryptsjerk komt.
Foar ynspiraasje sjoch op de webside fan Fryslân Bloeit.
Wy hoopje jimme te moetsjen op 13 novimber om 20.00 oere yn de Einekoer.