...altyd nijsgjirrich!

De Aldtsjerkster mûne kin wer lang mei

Je soene it net tinke, mar de Aldtsjerkster mûne bestiet al mear as 150 jier.

Beheerder Eeuwe de Vries is mar wat bliid mei de resinte opknapbeurt fan de mûne oan de Rhaladyk by Aldtsjerk. It gebou sjocht der mei syn nije reiden tek wer fris út en kin dus wer jierren mei. It wurk is dien troch reiddekkersbedriuw Jan van der Zee út Burdaard. Dat hy net de earste de beste reiddekker is, blykt wol út it feit dat Van der Zee ek gauris ynroppen wurdt by reiddekkerswurk oan de molens fan Kinderdijk. Se binne hiel deeglik te wurk gien. Earst wurdt in tinne laach fan 4 meter lang reid út Poalen brûkt foar de ûnderlaach. Dêrnei komt de dikke deklaach deroerhinne.
Net allinne it hiele achtkant is opnij dutsen, der is ek in nije souderflier yn kommen. Fjouwer jier ferlyn hat it monumint út 1864 in skilderbeurt hân en is ek de fizel sakje litten. Der is by dy gelegenheid ek in nije dûker ûnder de Rhaladyk troch lein. Dêrtroch kin de mûne ynsetten wurde by in hege wetterstân yn de polder. Ferline jier koe de mûne by inkelde swiere tongerbuien syn wurk al dwaan. Eeuwe hat de nije souderflier yn de blanke lak setten en yn 2016 sil it skilderwurk wer byholpen wurde.
It wurk oan de mûne, sûnt 2007 ûnderbrocht by de Stichting Waterschapserfgoed, hat ynklusyf it timmerwurk, sa’n € 20.000 koste. Eeuwe de Vries, dy’t al sûnt 1976 it behear hat, hjit elkenien wolkom dy’t de mûne besjen wol. Is dan no alles wer klear? Eeuwe: ,,Oer net al te lange tiid moatte de seilen ek werris fernijd wurde. Sa sjochst mar wer, der is ek altyd wol wat!”