...altyd nijsgjirrich!

Ode oan de Aldtsjerkster Mar

Dit gedicht is skreaun troch Sjoerdtje Mulder út Oentsjerk en sy hat dat foarlêzen op de ledefergadering fan de IIsklub Aldtsjerk op 26 novimber 2015. Sy makke ek de foto fan de mar yn jannewaris 2015.

 

De Aldtsjerkster mar …

Jannewaris 2015: de mar by Aldtsjerk
Wetter mei einen, guozzen, in inkelde jerk
Yn tinzen sjoch ik reedriders gean
En in smite folk op de iisbaan stean
Iiswille op natoeriis, wêr is dy keard
Klimaatferoaring …, hoe’t it ris beteart…?

De mar by Aldtsjerk,
Mei iis, och sa sterk
Lit iisherten teie
En reedriders jeie
Oer dy mar by Aldtsjerk
Op swart iis, dûbeltsjessterk

De mar by Aldtsjerk
En in iisklup, och sa sterk
Oardel iuw hat dy al bestien
Yn in doarp, mei-inoar ien
Reedriderij sette Aldtsjerk
As iisdoarp yn ‘e merk.

De mar by Aldtsjerk
Mei riders, och sa sterk
Litte harren hurd glide
Wylst se fûl stride
Op de mar by Aldtsjerk
Tsjin rivalen, bearesterk

Oan ‘e mar by Aldtsjerk
It iisklupgebou, och sa sterk
As beaken foar reedriders
Kriich- en Alvestêdestriders
Yn harren iiswille by Aldtsjerk
Op de mar, ferskuorrende sterk.

Jannewaris 2015: de iisklup fan Aldtsjerk
Fiert har 150-jierrich bestean: izersterk
Der wurdt weromsjoen op moaie tiden
Mei ferneamde koartebaanwedstriden
Reedriders fleanend út harren eigen flerk’
Op dy moaie mar by Aldtsjerk.

Sjoerdtje Mulder-Dantuma, Oentsjerk

0 van 0