...altyd nijsgjirrich!
Eineberg-2

Eineberg Ryptsjerk te wetter litten

Hjoed is yn Ryptsjerk it houten flot foar de einen, de eineberg, under grutte belangstelling te wetter litten.

Under grutte belangstelling waard sneontemiddei it houten flot  foar de einen, wat by de Reidikker yn de Ryptsjerksterfeart takele wie, nei it definitive lisplak yn de fiver sleept . It dûbele driuwende plato yn de foarm fan in heabult jout de einen ekstra mooglikheden om te nesteljen . Op it twadde plato binne mar leafst 4 einekuorren pleatst . Under it verslepen joech foarsitter Wiebe v/d  Laan  útlis oer it projekt , de subsydzje fan it Iepen Mienskipfûns  en  hoe ‘ t dit projekt prima past yn de dit jier oan te lizzen rûte foar de flusterboaten. In ûnderdiel fan de feestlikheden wie it foardragen fan in gedicht ta eare fan de doarpsein.