Op 29 maaie drave en fytse studinten fan Ljouwert nei de stêd Grîns.
Op sneon 29 maaie is it ier yn de moarn al drok yn de Mûnein. Sa om acht oere hinne komme ferskate fytsers en dravers troch it doarp. It dy bliken dat it gong om studinten dy’t diel namen oan de Lauwersloop. Hja drave en fytse yn groepen fan twa om beurten yn etappes fan Ljouwert nei de stêd Grîns. De fytser lêst de route, op de measte krúspunten stiet ek in ferkeersregeler. En dat moatte hja 120 km folhâlde. Mear oer de Lauwersloop stiet op www.lauwersloop.nl