...altyd nijsgjirrich!

,Dreamen’ by de Kerst Inn yn Aldtsjerk

,,Dreamen kinne lyts wêze en hiel grut. Dreamen binne foar jong en âld, foar op koarte termyn en oer de jierren sjoen, foar tichte by en fier ôf.''

,Dreamen’ wie dit kear it thema op de tradisjonele Kerst Inn yn in folle doarpstsjerke fan Aldtsjerk. Al sûnt 1984 foarmet dizze Kerst Inn wer in kultureel en muzikaal hichtepunt yn  de sfearfolle Paulustsjerke. Net allinne de skoallebern fan Sinnehonk wiene present, ek in koperensemble fan brassband De Bazuin, organist Ivo van Hijum, Hinke Roodvoets, Gerard & Compagnie en it Mingd Koar Aldtsjerk mei solist Klaas de Boer. De organisaasje is tsjintwurdich yn hannen fan Alco Hoogcarspel, Gryt van de Polder, Theorine Scholte en Marja de With. Foto’s Henriëtte van Sytzama.