...altyd nijsgjirrich!

Mei frou en hûntsje troch Bouwe pet

Fyn en sjoch in fisktrep en skelpenbult.

Healwei de Halligen troch de hikke fan it Gea it fjild yn.

Via de bolstiennen route fan Jan Faber meitsje wy in moaie kuier, de sinne is der meastiids goed by.

De reidsnijers hawwe net alles meinaam, sa kin it fûgelguod noch wat fansiden krûpe.

By it stuwke oan de neilânsdyk kant sitte je lekker út de wyn en it wetter wat falt soarget foar us beide fertier.

Tusken it eastelike en it westlike stik fan Bouwe Pet is no in fisktrep, sa kinne de fisken it higte ferskil ynt wetter oerkomme.

Tichte by de Ottemawei is in skelpenbult makke yn it marke, wat bedoeld is foar de steltfûgels.

Folgens sommige fûgelwachters hie de skelpenbult wol wat mear fan de kant ôf kinnen yn ferbân mei de rêst foar dizze fûgelsoarten.

Opt letste plaatsje wurd it al aardig donker boppe Ryptsjerk, dus mar even goed trochstappe en dernei mei in bakje kofje foar de kachel.