...altyd nijsgjirrich!

Al 40 jier de aai-aksje regele

Harm Dijkstra en Tseard van der Kooi ha al 40 jier de aai-aksje regele foar brassband De Bazuin.

Alle jierren komme de leden fan De Bazuin del mei aaien om de klupkas te spekken. En om dat op te setten binne oantriuwers nedich. Dat wienen al 40 jier dizze twa mannen! Trouwe frijwilligers dy’t alle jierren har hjir wer foar ynsette. Dat mei perfoarst wolris neamd wurde!
De foto is makke troch Gjalt van der Zee by de aksje fan ôfrûne woansdei.
0 van 0