...altyd nijsgjirrich!

Doarpsfeest Oentsjerk fan start

It doarpsfeest fan Oentsjerk is útein set mei it Shantykoar Aan lager wal yn Heemstra State.

Foarsitter Richard Adema koe mear as 50 gasten wolkom hite en mei it shantykoar sette it feest musikaal útein.

Om 18.30 oere sille de folleyballers op it “trekkersfjild” elkoar moetsje. Der hawwe harren in hiel soad teems opjûn!

Letter is der om 21 oere hinne in Drive inn sjow m.m.f. Sybren Boersma + de priis útrikking fan it folleybal.

It waar sjocht der goed ût dat dêr kin it net oan lizze dat it gjin prachtich feest wurdt!