...altyd nijsgjirrich!

Omkearde teemûts

De pony's geane út it winterhier en it waait yn kloften oer de hiemen, mar dit blokfinkje (koolmees) hat der wer in omkearde teemûts fan makke.

Middeis om 12 oere wiene der in pear aaien oanpikt en jûns nei iten sieten de lytskes yn it bleate gat en mei it bekje wiid iepen omheech mei de eagen noch ticht.
Alle hokjes op it hiem fan âlde rommel as nij ympregnearre, it makket foar de fûgeltsjes neat út se moatte harren aaien dochs kwyt.

Pyt van de Polder wie sneon noch oan it fûgelhokje timmerjen, yn twa dagen tiid wie de hiele foarried fuort!
De Fûgelwacht is grutsk op de Trynwâldsters dy’t wer manmachtich de hokjes ophongen ha.

0 van 0