,,Leave sêfte simmerjûn. Alles frede, alles wille, alles stille rêst yn 't rûn."
Elk koar dat himsels serieus nimt, hat dit liet fan Jan Ritskes Kloosterman wol yn syn repertoire opnommen. De mûne hâldt de wacht oer de kij dy’t noch even weidzje, foardat se har krekt lykas it doarpke Readtsjerk op de achtergrûn foar de nacht deljaan sille.