De tsjerke yn Aldtsjerk moat it de kommende tiid sûnder hoanne dwaan.
De hoanne en it toerkrús, dy’t ferbûgd wie, binne mei help fan in grutte hijskraan fan de firma Kielstra fan de toer helle. De spil sil de kommende tiid yn de wurkpleats wer rjochtmakke wurde.