...altyd nijsgjirrich!

Sinterklaas yn Aldtsjerk

It is alle jierren wer in ferrassing hoe't Sinterklaas de reis nei Aldtsjerk ûndernimme sil.

Soe er wer mei de boat komme? De pieten fleagen ommers ek al yn in rubberboatsje yn de feart om. Of komt er mei de bus, of miskien op it hynder, yn in koetske of op in echt landingsfartúch lykas ferline jier?

As in follearde trekkerchauffeur ried de âld baas op de fraaie âlde Güldner fan Thom van Hijum oer de brêge nei it café, wêr’t ladyspeaker Theorine Scholte him hertlik wolkom hjitte.

Omdat it dochs wol wat oan de frisse kant wie, is it selskip mar gau by Moarkswâl nei binnen gien, dêr’t it feest foar de bern trochgean koe.

Redmer Hoogcarspel makke dizze prachtige foto’s.