...altyd nijsgjirrich!

Karbyt sjitte yn Oentsjerk

Aldjiersdei waard it gebrûklike knalle mei karbyt yn Oentsjerk ek wer oan de dr. Kylstrawei dien.

Der leinen 12 bussen klear en der stie ien grut kanon te wachtsjen. Om de safolle tiid waard yn de bussen wat karbyt en wetter dien, de lidden der fêst op slein en dernei it flamke derûnder. It lid ûntploft der mei in lûde knal ôf en de bal spring hiel fier fuort ût it kanon wei. De wyn wie west dat de minsken yn Oentsjerk sels ha der net safolle fan meikrigen.

It is altiten in hiele happening.