...altyd nijsgjirrich!

Sfearfolle Kerst-inn

Muzyk meitsje en meiïnoar sjonge. Dat is al jierren de tradysje fan de Kerst-Inn yn Aldtsjerk.

It spande der de lêste wiken noch om oft it skilderwurk wol klear wêze soe, mar gelokkich koene de rolsteigers en ljedders fannewike wer opromme wurde, sa sei Gryt van de Polder dy’t út namme fan  de Kerst Innkommisje de minsken wolkom hjitte. Yn it folle tsjerkegebou, dat noch in bytsje nei ferve rûkte,  koe men wer genietsje fan in krystspul dat de Aldtsjerkster skoallebern opfierden.  En dat mei ûnder oare in prachtige selsmakke video. It kwintet fan brassband De Bazuin liet syn waarme klanken hearre en ek it Mingd Koar Aldtsjerk hie moaie nûmers op it repertoire, wêrûnder it bekende ‘Gabriella’s Liet’ út de film ‘As it is in heaven’. Fierder levere de groep Marte & Friends in muzikale bydrage.

It oargelklavier wie yn hannen fan Ivo van Hijum en hy draaide de hân ek net om foar ‘Nothing else matters’ fan Metallica. Dûmny Hille Vlasman fersoarge de krystoertinking mei as thema ‘Samen’, dat ûntliend wie oan de Japanse vechtsport Aikido.

Ferrassend ûnderdiel op it program wiene de spesjale gasten Jolt Andela, Bert van der Kooi en Theo van Rooijen, dy’t as echte ‘Platin Tenors’ mei harren dochters ‘Samen voor altijd’ fan Marco Borsato songen.

De Kerst-Innkommisje, dy’t dit evenemint al sûnt 1984 organisearret, wurdt tsjintwurdich foarme troch Alco Hoogcarspel, Esther Koopmans, Gryt van de Polder en Theorine Scholte.