...altyd nijsgjirrich!

LOKKICH NIJJIER!

Yn De Haach gie it fjoerwurk, nettsjinsteande de hurde wyn, troch. Yn Oentsjerk hie men der al hielendal gjin lêst fan!

Der waard skitterend fjoerwurk ôfstutsen en der wienen in soad lûde knallen te hearren. De minsken wonnen elkoar it nije jier ôf en op de Wynzerdyk stie tradisjoneel de poeiermolke en de glühwein klear.

De redaksje winsket jim allegearre in hiel goed, sûn, gelokkich en nijsgjirrich jier ta!