...altyd nijsgjirrich!

Sutelje yn Barthlehiem mei koeken

Der kaam in melding binnen by de Fûgelwacht Trynwâlden fan bewenners tsjin it Alvestêde brêgje oer.

Saterdeimiddei alfêst mar eefkes nei de fierste úthoeke fan ús fûgelwacht gebiet om wat lekkere reepkoeken te ferkeapjen.
In moai plakje sa oan de Ie, al dy lytse bebouwing mei harren túntsjes dy ’t sa yn elkoar oer rinne troch paadsjes en sa.
De doar giet iepen en in alderaardige frou harket nei de entûsjaste fûgelman en foaral werom at hja sa’n reepkoeke keapje moat, wat altiten slagget fansels.
Mar dizze frou en letter ek har man hat ek wat te fertellen: ‘Het is namelijk zo dat er uit onze boom aan het water, die overwoekerd is met klimop, tegen de schemer wel een stuk of acht uilen tevoorschijn komen“.
De koekeferkeaper krige doe wol hiele grutte eagen en op syn fraach of hy hjir dan op de ein fan de dei in telling dwaan mei, kaam it antwurd: ‘Geen probleem, je gaat je gang maar.’
De kommende wike sille de ferkeapers fan de Fûgelwacht wol by jo oan de doar komme, alfêst tige tank foar de stipe.

0 van 0