...altyd nijsgjirrich!

It kin noch net op de Aldtsjerkster iisbaan

In grut wyngat yn it midden fan de lâniisbaan fan Aldtsjerk wurdt noch hieltyd troch de fûgels ynnommen.

No steane de bestjoersleden fan de iisklub wol bekend as fûgelleafhawwers, mar hjir bale se al fan. ,,Wy wolle de baan nei safolle jier wol wer ris iepen ha foar de reedriders”, seit foarsitter Jan Oostenbrug. Mei kollega-bestjoerslid Arie van de Polder hâldt er alle dagen de tastân by. ,,Yn ‘e  midden is in grut wek. Dêrom kinne we de bern net op de baan ride litte.”

Mogelik kin de baan kommend wykein iepen. ,,Freedtemoarn beslute we wat we dwaan sille. Miskien in stik fan de baan ôfskermje of sa. Sadat de bern yn elk gefal ride kinne.”

Hat de Aldtsjerkster iisbaan te kampen mei wekken en net oeral like sterk iis – op de baan fan Gytsjerk is hast net te riden fanwege it stof en sân dat fan it parkearplak by de winkels op it iis waait. De brânwar is dêr al drok oan it spuitsjen west om de boel wiet te hâlden.