It wie altyd in goeie tradysje dat je as earst oankommende op redens yn Aldtsjerk mei de namme op de balke skreaun waarden. Dat wie tagelyk ek it teken dat de baan 'der troch' wie en dus ek fertroud foar de bern. By it Ald Tolhús yn Ljouwert (ûngefear wer't no de brêge leit nei Blitsaerd) waarden de redens ûnder bûn en dan gie it fierder oer de Bonke, it Ald Deel en de Moark nei it doarp yn de Trynwâlden. Hjir it ferslach fan Ruurt Postma en Leonard Tolsma.
,,It idee om op ‘e balke te kommen by Café Moarkswâl te Aldtsjerk begûn freed 23 febrewaris te borreljen oan de bar. It wie alwer seis jier lyn dat de lêste oer it iis gongen wie yn de winter fan 2012. As it barre moat, dan moat it yn de kommende dagen, seinen wy tsjin elkoar.
Freed 2 maart, in wike letter, giet it oan. Healwei seizen yn ‘e auto fanút Aldtsjerk en Oentsjerk richting Ljouwert. Om 06.07 oere starten we fanôf de finish op de Bonke. Fia de kant gienen wy oer it iis rjochting Aldtsjerk. Foar ús gefoel lei der wol 6 oant 8 cm iis op ‘e Bonke. We koenen prima oer it earste gedielte rjochting de brêge fan Gytsjerk. (de tegeltsjebrêge).
Der wie ien grut wek by de ôfslach Miedum. Dêr moatsten wy even op it lân klune. Ek by de brêge klune en troch nei Oentsjerk. De ôfrûne dagen hienen wy aardich it iis kontrolearre dus we wisten wêr’t de minne plakken sieten.
Oer de brêge fan Oentsjerk klune en troch! Mei it Aldtsjerkster mar yn it sicht rieden we troch de bocht en sieten we fol yn ‘e wyn op. Hjir gie de snelheid ek gau achterút en foar ús seagen we yn it midden fan de feart in grut wek. Klune troch it lân en der wer op. Oankommend op de Aldtsjerkster mar fia de eastkant rjochting it iis hokje fan Aldtsjerk ride en in grut gedielte klune want dêr wie in grut wek oer it hiele Aldtsjerkster wetter. It lêste stik wie wer dik genôch om nei de Sake Woudstratunnel te riden.
No kaam it allinne op it lêste stikje oan, de 10 meter foar it kafee. Wy hienen de jûn fan te foaren noch 1,5 oant 2 cm mjitten oan ‘e wâlkanten neist it kafee. Dat der wie gjin oare keus dan rjocht oer it midden!
Earst Leonard Tolsma der oer en dêr achteroan kaam Ruurt Postma. Kreakjend en golvjend gie it wetter under it iis troch, mar it slagge! Om 07.10 stienen we beide droech op de kant by café Moarkswâl. De balke wie in feit!
Henk Breeuwsma wie krekt fan te foaren wekker belle en moest dit feest belibje op syn jierdei. Dit kin net moaier sei er. De nammen binne op it boerd skreaun en der is in slokje en kofje op dronken!”