...altyd nijsgjirrich!

Kuier alvestêdetocht

Sneon 12 maaie kamen de kuierders ek wer troch de Trynwâlden op harren lêste kuierdei

Fansels wiene der wer in soad minsken apart klaaid en dat is altiten foar de taskôgers tige nijsgjirrich om te sjen.

Op ‘e tiid steane de famyljeleden al te wachtsjen op de rinners. En as de dielnimmer dan del komt is men tige grutsk en bliid!
Der rûnen ek in soad rinners mei út de Trynwâlden dat dizze regio hoecht him net te skamjen. Der is sels ien dy’t de tocht al foar de 47ste kear rint! In hiele prestaasje!
Foar en om It Wapen fan Oentsjerk wie de sfear geweldich!