...altyd nijsgjirrich!

‘Dat onze lieve aarde nog kans op redding heeft’

Freedtejûne wie de deadebetinking ûnder oaren yn Oentsjerk.

Under pianospel kamen in lytse 50 minsken nei de Mariatsjerke om de fjouwer maaie betinking mei te meitsjen. Nei gedichten, sang en in persoanlik ferhaal waard nei klokslach acht oere twa minuten stilte yn acht naam. It Wilhelmus waard songen en by it ferlitten fan de tsjerke krige men in tulp dy’t op it grêf fan Klaas Rienewerf lein waard.

Ek binne der blommen nei it grêf fan Bouke Faber yn Gytsjerk brocht.