...altyd nijsgjirrich!

It Feinteboun al 120 jier ,,yn ’t spier”

De flaggen hingje wer. It waar liket goed. It feest kin begjinne.

Doe’t yn 1898 de jonge Prinses Wilhelmina kroand waard ta keninginne, is der  yn Aldtsjerk in linebeam plante. Dat wie foar in ploech jonge mannen ek in moaie gelegenheid om neist de al besteande feestkommisje in ‘lytse’ kommisje op te rjochtsjen. Dat waard it Feinteboun.

Bygeand gedicht jout wol oan dat der yn 120 jier yn Aldtsjerk fansels in soad feroare is. Mar it Feinteboun libbet noch as in tierelier.

 

Dit doarpke sa smûk om ‘e toer, de wolken dy glide deroer.

Oan de kade in mêst, Boskein yn de rêst.

De bakker giet rûn mei syn koer.

 

De smid hat in hynder beslein, de postrinner rint troch de rein.

In hokling dy’t balt, de faam op it stalt.

It koar oefent wer yn Oerein.

 

By mem oan de kofje mei keek, de droegjende wask yn ‘e bleek.

In boat yn de Moark, Klaas Snoek mei syn ark.

En dûmny is klear mei de preek.

 

De Klinze dy stiet net mear leech, de klompen fan heit yn ‘e steech.

De turf yn it hok, Sjirk Velstra syn stok.

De brêge dy giet wer omheech.

 

It Feinteboun is wer yn ’t spier, de optocht begjint moarns noch ier.

In flagge dy’t waait, de draaimole draait.

En elk hat syn oandacht by ’t bier.

 

Op skoalle wurdt altyd noch leard, de herberch stiet deun oan de feart.

In hurdriderij, mei syn flaggen derby.

Dit alles is Aldtsjerk foar my.

                                                                                                   Jan de Boer