...altyd nijsgjirrich!

€ 5.000 foar oanskaf Fryske berne- en jeugdboeken

Yn it ramt fan it Frysk taalbelied hat de gemeente Tytsjerksteradiel besletten om foar de oanskaf fan Fryske berne- en jeugdboeken per jier in bedrach fan € 5.000 beskikber te stellen oan de skoallen yn it primêr ûnderwiis.

Per skoalle yn Tytsjerksteradiel betsjut dat in bedrach fan sa’n € 200. De gemeente wol hjirmei it lêzen fan Fryske boeken op de basisskoallen befoarderje.

Wethâlder Rommert Dijk hat, yn it ramt fan dizze regeling, in earste boek ‘De Bonsterkes op ‘e Terp’ oanbean oan ‘e learkrêften fan de Thrimwaldaskoalle yn Gytsjerk. It boek fan Hanneke de Jong mei yllustraasjes fan Linda de Haan is it berne-aksjeboek fan de berneboekenwike 2018 en slút oan by it tema freonskip.

Alle basisskoallen hawwe in brief fan de gemeente krigen weryn’t beskreaun is hoe’t se it beskikbere bedrach besteegje kinne.

Foto: gemeente Tytsjerksteradiel
Op de foto v.l.n.r. Irma Siebum, Tineke Luinstra, Bauke Bosma, wethouder Rommert Dijk en Jannie van der Heide.

 

0 van 0