...altyd nijsgjirrich!

Sinterklaas tuktukt nei Aldtsjerk

De bern hiene alle kanten al út sjoen, want fan welke kant soe Sinterklaas no wer it doarp yn komme? En it is ek altyd wer in ferrassing op wat foar wize de goedhillichman nei Aldtsjerk komt.

Kaam de âld baas earder wol oan mei it hynder, de boat, de bus, of op in landingsfartúch: dit jier foel syn each op de tuktuk fan Westra. Nei in wolkomstwurd fan Theorine Scholte, dy’t mei help fan ,zeurpiet’ de stemming der by de bern al aardich ynbrocht hie, socht elkenien mar gau de waarmte op fan it kafee, dêr’t it feest noch in skoftsje fuortsetten wurde soe. Foto’s Henriëtte van Sytzama.