Yn Oentsjerk oan de dr. Kylstrawei wie it wer raak: Karbytsjitte!
Mei 12 bussen en in kanon waard it âlde jier fuort knald. Om 12 oere waard der noch kofje dronken mar de radio wie yn in bierkretsje boud! De BOCK, Bewust Oplettende Carbid-Knaller, holde de saak goed yn ‘e gaten. De bal foar it kanon hie men fan de gemeente krigen en opfallend hoe as dy him holde. Men hie net tocht dat dizze bal it salang fol hâlde soe! It wie somtiden in hiel ein rinnen om de bal op te heljen!
In moaie tradysje dy’t fansels net ferlern gean moat.