Wol in aardich krystachtich byld oan de Wierewei by Aldtsjerk. De skiep moatte it sûnder herders dwaan. Dy wiene grif al ûnderweis nei it bern yn de kribbe en hawwe it hoedzjen fêst tabetroud oan de mole 'De Olifant'. Wy soene it oars ek net witte.