It nije jier is ynset mei in soad fjoerwurk. Boppe Gytsjerk wie it ien grutte fjoersee mei in soad knallerij.
Ek yn Oentsjerk prachtich moai fjoerwurk foar lyts en grut. It waar wurke mei en sa koenen de buertgenoaten elkoar moai it nije jier ôfwinne. Op ‘e Wynzerdyk die men dat sa as altiten yn in garaazje mei glühwein en poeiermolke.
De redaksje winsket fansels elk: Segen yn ’t nijjier!