Ut hannen fan deputearre Johannes Kramer krige Jorn Sikma (10) út Aldtsjerk it sulveren polske útrikt.
Jorn hie dy priis yn ‘e wacht sleept troch it earste ljipaai te finen fan Fryslân by de jeugd oant en mei 12 jier. Tiisdei 12 maart fûn er it aai yn in stik lân by Oentsjerk. Jorn wie dit jier syn heit Age in slach foar, dy’t dat fêst noch hiel lang fan syn soan hearre moat.
Foto’s Fûgelwacht Trynwâlden