Eeuwe de Vries fan Aldtsjerk is beneamd ta Lid yn de Oarder fan Oranje Nassau.
Yn De Pleats yn Burgum krige De Vries (74) de fersiersels opspjelde fan boargemaster Jeroen Gebben fan Tytsjerksteradiel. De jubilaris hat him sûnt 1976 ynsetten foar de Aldtsjerkster mûne. Dizze mûne is yn behear, eigendom en ûnderhâld by it Wetterskip Fryslân. Eeuwe de Vries jout dêr rûndliedings oan
ûnderskate groepen en benammen troch syn tadwaan kin dizze mûne foar de folgjende generaasje bewarre bliuwe. Dêrnjonken wie de De Vries fan 2009-2016 (mei-)ynisjatyfnimmer fan de lâniisbaan
en hat er earder skathâlder fan de iisklub Âldtsjerk west. Mei troch syn ynset kin it doarp en de omkriten winterdei genietsje fan eventueel natueriis.
Fan 2008 oant hjoeddedei is Eeuwe de Vries ynisjatyfnimmer en organisator fan in ploechje hurdfytsers
dy’t geregeld syn trainingsritsjes makke troch de wide omkriten.
De oare fjouwer jubilarissen yn de gemeente Tytsjerksteradiel binne: Willem Fennema (79) út Hurdegaryp, Trijntje Geertje Hoekstra-Twijnstra (63) út Eastermar, Geertruida Schelhaas-Kraak (78) út Hurdegaryp en Annechien Buma-Froentjes (75) út Hurdegaryp.
(Foto’s Piet Reitsma)