11:00 Ryptsjerk

Maaitiidsevenemint 

Dit jier is der foar de fjirde kear it gesellige Maaitiidsevenemint yn Ryptsjerk..It evenemint wurdt drok besocht, ek foar de ynwenners fan doarpen om Ryptserk hinne is it tige nijsgjririch!
De data binne sneon en snein 25 en 26 maaie, mei op sneontejûns in bysûnder jubileum optreden fan BigBand Drachten.

Keunstroute mei muzyk (sneon/snein 11.00-17.00)
Yn de Slachtebosk (Slachtedijk 4), de Riedswâl (Nieuwlandsweg 5) en Teetún De Hollen (Oosterdijk 16) eksposearje in ferskaat oan keunstners en is der in protte te sjen en te belibjen. Ek yn de tsjerke en de Lytse Harmonie wurdt eksposearre. Der is muzikale omlisting troch û.o. de Skaadband (op alle plakken om 14.00 en 16.00 oer). Yn de tsjerke binne om 13.30, 14.45 en 16.00 oere oargelkonserten en yn de tsjerketsjinst op snein is ek omtinken foar dit barren.

In pear foarpriuwkes, mar der is folle mear!:
-Natuerfoto’s fan de Bowepet/Bûtenfjild, instagram foto’s fan jongeren, botanisch tekenjen (Riedswâl)
-In 20-tal fotografen en dichters litte harren wurk sjen yn it prachtige boskje by de feart (Slachtebosk)
-Moaie keunstmerk en plak om noflik te sitten;  mei in grut ferskaat oan keunstners (Teetún De Hollen)

Histoaryske doarpskuier en presintaasje
Sûnt in pear jier is der yn Ryptsjerk in prachtige histoaryske doarpskuier te rinnen. Der binne rom 40 buordjes mei tekst en foto’s. Yn gearwurking mei de Histoaryske wurkgroep Ryptsjerk binne der dit jier wer in oantal buordsjes by kaam. De route is moai te kombinearjen mei de keunstroute, omdat it slochtwei deselde route by del giet. Underweis binne der einekoer flechters by  it slúske warber en wa wit noch oare minsken dy’t wat sjen litte. De Histoaryske wurkgroep jout beide dagen om 14.30 en 15.30 oere yn De Riedswâl in presintaasje mei û.o. nij ûntdutsen foto’s fan Ryptsjerk.

Jubileum Concert BigBand Drachten (sneon 20.00 oere)
Dizze yn Ryptsjerk ûntstiene band hat dit jier har 35-jierrige jubileum. Dit bysûndere koncert wurdt holden oan de Ryptsjerkster Feart by de Slachtedbosk. It koncert is fergees en oan de ein wurdt mei de pet rûn gongen. Mei min waar is it yn ‘e tsjerke!

Elkenien is fan herte wolkom yn Ryptsjerk!

It programma stiet op ‘e bylage.