...altyd nijsgjirrich!

4 maaie betinking

Op 4 maaie wie it nei it klok lieden 2 minuten stil yn de Mariatsjerke. Neidat de lytse 80 oanwêzigen nei moaie muzyk troch it ensemble fan de Bazuin harke hienen.

Yn de, troch de oekumenyske wurkgroep organisearre, betinking waarden prachtige gedichten û.o. “Meneer van der Velde” fan Bram Vermeulen en “Vandaag en morgen” fan Femke Allaart foardroegen. Ek waard der in ferhaal ferteld en in brief foarlêzen fan Bonhoefer oan syn frou. De betinking waard yn de tsjerke ôfsluten mei it sjongen fan it folksliet.
Dêrnei waarden der tulpen by it grêf fan Klaas Rienewerf lein, dy’t yn de maaiedagen fan 1940 sneuvele by de ôfslútdyk. Letter binne der noch blommen op de grêven fan Maria van der Heuy en fan Bauke Faber yn Gytsjerk lein.
It oare jier is it 75 jier lyn dat Nederlân befrijd is.