...altyd nijsgjirrich!

Bôle-aksje Joysingers suksesfol!

Minsken fan de Trynwâlden en supporters út namme fan de Joysingers tige tank foar jimme bydrage oan de bôle-aksje fan ‘The Joysingers’.

Ek dit jier wie’t wer in súkses! Nei 2 dagen súteljen hellen sy in geweldige opbringst fan om-ende-by € 1680 yn! Sy hoopje mei de opbringst wer hiel wat sang hearre te litten.

Takom jier bestiet de Joysingers 40 jier en dan wolle sy jimme alfêst útnoegje foar harren jubileumconcert op 6 juni 2020 yn de Ontmoetingstsjerke te Oentsjerk.

Mear witte? Sjoch dan op de side: www.thejoysingers.nl