...altyd nijsgjirrich!

Gytsjerk op Omrop Fryslân

Dizze simmer makket Omrop Fryslân in roadtrip nei al it moais fan dizze provinsje. Op 27 july sjogge se ek yn Gytsjerk om dêr de sfear op te snuven.

It programma ‘Simmer yn Fryslân’ is in acht wiken lange toer troch Fryslân yn ferskate doarpen en stêden.  Dêryn sil besocht wurde dy plakken te sjen troch de eagen fan de bewenners. Want, wat bart der yn de simmer? Is it dit jier in bysûndere simmer? En wat fine de minsken fan har eigen doarp of wyk of bygelyks fan de nijbou yn it sintrum?  Meardere bewenners wurde oan it wurd litten en nijsgjirrichheden besocht.
Oerdei is it programma te folgjen fia radio, mei ferskate bydragen yn alle programma’s.
De Gytsjerksters wurdt hjirby frege dan de flagge wapperje te litten.