...altyd nijsgjirrich!

Monumint by Readtsjerk

Samar in âlde ferfallen melkstâl oan de Ottemawei by Readtsjerk. It ding stiet dêr al jierren te fertutearzjen, mar it is miskien wol krekt dêrtroch dat syn monumintale status hieltyd grutter wurdt.

In soad minsken sille net mear witte wêr’t it foar tsjinne. Yn de jierren sechstich waard de trochloopmelkwein yn gebrûk nommen. Dat wie yn de perioade weryn’t de boer it hieltyd mear sûnder arbeider(s) stelle moast en dus as ienmansbedriuw fierder gie. It wie ek de tiid dat men ôfskie naam fan de molkbus en dat de weidetank syn yntrede die. Sa wie de boer dochs noch yn steat om allinne gruttere oantallen kij te melken, sûnderdat er fuort foar flinke ynvestearrings sa as in lisboksenstâl kaam te stean.
Hjir en dêr binne de trochloopweinen nôch yn gebrûk. Wa’t wolris moarns yn de spits oer de Wâldwei richting Drachten rydt, sjocht dan yn de buert fan de ôfslach Drachten West noch in boer oan it melken. Dat docht er altyd noch oant let yn de hjerst.
Yn bepaalde streken sa as de Krimpenerwaard binne dy weinen earder ek in soad brûkt. Dat ek fanwege de lytsskalige ferkaveling en it grutte oantal fearten dêr’t de boer lâns farre moast om by syn lân te kommen.
It skynt dat je yn dy kontreien sels yn sa’n trochloopwein sliepe kinne. Bêst mooglik dat se dus op har âlde dei de minsken noch in monumintale nacht besoargje.
Jan de Boer

0 van 0