...altyd nijsgjirrich!

De lâniisbaan stiet wer ûnderwetter!

IJsclub Oudkerk sinds 1865 Freed 11 septimber om likernôch njoggen oere bin ik op de iisbaan mei in karre steigermateriaal, planken, hekkel , reidsnijer, impregnearguod, in waadbroek, allegearre saken dy we brûke moatte om de boel wer op te knappen. Arie van de Polder hat de boskmeaner en ferve spullen mei, Jan Klompmakker in amer […]

IJsclub Oudkerk sinds 1865

Freed 11 septimber om likernôch njoggen oere bin ik op de iisbaan mei in karre steigermateriaal, planken, hekkel , reidsnijer, impregnearguod, in waadbroek, allegearre saken dy we brûke moatte om de boel wer op te knappen. Arie van de Polder hat de boskmeaner en ferve spullen mei, Jan Klompmakker in amer en kroade fol timmerark en Tjibbe Lei in pear grutte hannen om mei oan te pakken. De bysfeint fan it bestjoer, Jacob de Vries, hat de slaai fan Jan K. te brûken en hat in flechttange om it kramtried los te meitsjen fan de stikkene peallen lâns de grutte dyk. Ik ha de peallen al bylâns brocht, opfandele by it swarte hok op it Aldlân. Altyd maklik dat je wat bewarje en it komt altyd wol wer fan pas, sa ek dizze peallen.

Tongersdei al de hiele dei drok mei guod opheljen dat wy brûke kinne by dizze opknapbeurt, by Fedde Kingma de steigers en it hout dat op in karre laden stie foar it stoart. No dat kinne we ek wol brûke en mei it hout meinimme. In fleanende krie fangt it meast! Wy krije in koarte ynstruksje wat der sa al barre moat fan Jan K. en Arie en binne om tolve oere als moai op gleed. Ruten himmelje, hout skjirje en skjinmeitsje mei amoniak en dan ferfje, de boeidielen, de kezinen en de doar. It is in lust foar it each hoe de boel opknapt. Jacob hat de slaai dwearstroch slein, it wie ek net de bêste dy Jan him meijûn hie, mar de peallen stean der wer kreas yn en de kramtried der strak bylâns.

Ik hie foar de ielguozzen dy it dak ûnderskite, in balke mei skerpe punten makke om op it iisbaanhokje te setten mar Jan K. hie myn wurkstik ôfkard en hat profesjoniel roestfrij stielen punten ynstallearre op it hokje. Gjin fûgels mear te skiten, ek wer oplost. De mourren slagge troch en sadwaande komt der skimmel yn it hokje dus de stien wer ynsmart mei poerbêst guod dat trochslaan fan de muorre foarkomme sil.

Sneontemoarn ha guon fan ús al wer op tiid it swit foar op´e kop stean en binne om âlve oere al safier dat Tsjibbe mei steiger en al te wetter rekket. Nei hûs om drûge klean en as jonkje moast ik froeger foar straf op bêd mar Tsjibbe wie rap werom. Sa krigen wy lang om let it hokje kreas ferve, de reiden snijd, it gers meand en de sleat hekkele, de motor smard, de snaren spand en de beammen yn it reid omseage. De materialen wer oppakt, de steigerbokjes en it hout yn it swarte hok en Fedde Kingma, do tige tank foar dyn stipe.
Dan falt it wurk efkes stil mar komt der noch in dreech putsje: it brechje neist it heechhout moat in fikse opknapbeurt ha. Nije ûnderslach en baddinghout fan de bêste soart kocht yn Ferwert. De saken binne sloopt as ik moarns mei it hout kom. De rommel op de karre en fuort nei Burgum, mar op it stoart kom ik yn de lange rige auto’s te stean. As ik werom bin is de brêge al moai ûnderhannen nommen. Sels de oare deis giet der hast meihinne. It is net rjocht genôch yn Jan K. syn eagen, hat der sels de lêste hân oan lein en sjoch mar efkes hoe kreas de saken der by lizze.

Sa as wy besletten ha, dit jier gjin ledengearkomste by folle moane yn Moarkswâl, net kaarte en biljerte tsien oer read en de kontrybúsje slagge wy dit jier ek oer. Mar wolle jimme de iisklub stypje dan kin dit troch lid te wurden, efkes skilje mei ponghâlder Arie (0582561898). Wy binne klear foar de winter, twa iisbanen ûnder wetter, grutsk op ús monumentale iisbaanhokje en skitterend doarp! Lit ús goed op mekoar passe yn dizze drege tiid en wa wit komt der winter en kinnen wy ride op de Mar. Wy sjogge elkoar dêr , fentilaasje en de 1,5 meter is gjin beheining.

Oant dan! Mei freonlike groetnis, foar it gefoel it bestjoer sinds 1865, Jan O.