It tradisjonele karbydsjitten mocht gelokkich wol trochgean. Dêr waard dan ek goed gebrûk fan makke.
Yn Oentsjerk waard dit oan de Dr. Kijlstrawei dien. It lân wie aardich sompich, dat de fotograaf hat de foto’s mar fan de dyk ôf naam. Der mochten dochs net safolle minsken omhinne stean fanwege de Koroana. Ek yn de oare dorpen fan de Trynwâlden koe men it knallen hearre. It waar koe fansels net better.
Der wie ek in mobile karbydploech ûnderweis. Dy stoppe oan de kant fan ‘e dyk, bûn in plastik sek om ‘e bus, fjoer derby en boemmmm…..
(Klik op de foto hjirûnder foar in fergrutting.)