...altyd nijsgjirrich!

Karbytsjitten…..

De meldingen om mei âld en nij karbyt te sjitten binne dien by de gemeente. It sil op plakken yn de Trynâlden wol barre. Sa binne der twa meldingen út Gytsjerk kaam, ien út Oentsjerk en fansels dy fan de Karbytploech út 'e Mûnein.

De ploechjes sille lytser wêze, der is gjin tinte of sokssawat en der sil troch it publik ôfstân holden wurde moatte. Eins mei der gjin publyk by wêze.

Sjoch foar mear nijs oer Mûnein hjirre