Nei 100 doarpskranten Ut de twa doarpen is ôfskie naam fan haadredakteur Piet de Vries.
In buske mei in muzikante, in groepke froulju op de fyts en in fotograaf. Dit illustere selskip wie freedtejûn te sjen op de Finne yn Oentsjerk. Under begelieding fan de muzikale klanken fan Jetske Anema rûn dizze optocht nei it hûs fan Piet de Vries.
Piet hie de 100ste doarpskrante fan Mûnein en Readtsjerk makke en dat wie syn lêste oandiel as haadredakteur fan Ut de twa doarpen. Sûnt 1995 hat Piet him ynset foar de doarpskrante fan Mûnein en Readtsjerk.
Mear hjiroer is hjirre te finen.