...altyd nijsgjirrich!

KENINGSDEI 2021

Keningsdei yn de Trynwâlden is rêstich ferrûn. De flagge stie op 'e toer en it waar wie goed.

De sfear wie gemoedlik. Der wiene in soad rinners en fytsers op ‘en paad. Yn de dorpen stiene somtiden opblaas springkessens dêr’t de bern aardich nocht oan hienen. Ek wie der fansels allerhande negoasje te keap. Somtiden like it wol as der klean wierre waard…. Of de hannel goed wie is de fraach, mar men kin net sizze dat der gjin ferskaat wie.
En Samuël en By Tryn binne der ek noch.