...altyd nijsgjirrich!

Ferslach lêzing Jan van der Zwaag

It ferslach fan de lêzing troch Jan van der Zwaag op snein 20 maart 2022 yn it Readtsjerkje.

Twa jier siet it Readtsjerkje op slot en no dan einliks kinne we wer los! Jan van der Zwaag wie útnûge om te fertellen oer Adellijk Trynwâlden. Jan is bekend as in amateurhistoarikus, in echte leafhawwer fan de skiednis fan  de Trynwâlden. Al jierren is hy foarsitter fan Cultureel Erfgoed Trynwâlden en jout lêzingen oer de skiednis fan ús moaie streek.
Hjoed dus oer de adel yn de Trynwâlden.

Al iuwen hawwe de Trynwâlden in ferloklike streek west foar de Fryske adel om hjir te wenjen. De famyljes van Eysinga, van Sminia, van Heemstra, van Aisma, Heerma, van Toutenburg, en net te ferjitten de baron van Welderen Rengers. De wennings dy’t der bout waarden wienen de states; prachtige bouwurken dy’t dêrmei ek de macht fan de bewenners wjerspegelje. Meastentiids op in lângoed, in park soe men no sizze. En der waard ek kosten noch muoite sparre. Sa waard yn de 18e ieu de bekende lânskipsarsjitekt Roodbaard ynskeakele en jo kinne dit no noch sjen by bygelyks de Klinze, in park karakteristyk foar syn styl, heuvels en wetterpartijen en bochtige kuierpaden. Ek it park fan Stania State hat hy oanlein en de Prinsetún yn Ljouwert.

Fan de mear as tweintich states binne de measte yn de 19e ieuw ôfbrutsen, mar lokkich binne  Stania State, de Klinze en it park noch altyd prachtich. Ek Vijversburg mei it park is in plaatsje, dat in  protte rekreaasje biedt. De adelstân hie in protte grûn en pleatsen. Der kamen dan ek reaksjes út de seal fan lju dy’t bekend binne mei dy pleatsen of der sels wenne ha.

Baron van Welderen Rengers wol ik efkes neame. Hy wie bysûnder omdat hy in tige sosjaal man wie, dy’t it foartou naam om it heil fan de minsken te ferheegjen. Sa hat er in wichtige rol spile yn de stifting fan it molkfabryk yn Gytsjerk. Dat wie ek wol nedich, dêr ‘t de âlde partikuliere fabryk al yn de problemen kaam troch de net al te frisse bûter, dy’t mingd wurde mei margarine. Ek hat hy bydroegen oan  de stifting fan de Fryske hynderbeweging.
En net te ferjitten de stifting fan it flaaksfabryk yn de Mûnein dy’t in protte arbeiders wurk joech yn de earme tiden. Yn de krisisjierren hat de fabryk it net oprêde kind en gong de baron sels fallyt! Hy moast syn wenning Heemstrastate fan de hân dwaan en hat dit gebou neilitten oan de âldereinsoarch. Gjin wûnder dat hy de reade baron neamd waard. Foar my in “eyeopener” dat de Reade Singel dêr oan referearret.

Al mei al in moaie middei, mei dit programma fan de streek, foar de streek. Want it publyk kaam foaral út de omjouwing, dat ek tige by dit programma belutsen wie.

Kulturele Kommisje fan it Readtsjerkje.