...altyd nijsgjirrich!

Gearkomst Doarpsein 2022

It wie gjin grap, it wie gesellich.

Gearkomste De Doarpsein 2022

Sa at jimme op it noch altyd nije ynformaasjeboerd lêze kinne moast de foarsitter fan de feriening De Doarpsein Ryptsjerk ús wer troch in grut tal agindapunten liede. Wiebe van der Laan slagge hjir wer goed yn. Nei it omtinken yn in minút stilte foar de minsken dy’t ús yn de ôfrûne twa jier ûntfallen binnen en de siken út ús fermidden kamen punten as it jierferslach en it finânsjes oan de oarder.

Hoewol at de einekuorren it kommende jier djoerder wurde sil en de corona in gat yn de ponge slein hat wurd besletten de jierlikse contribusje op € 0,15 te hanthavenjen. De kaskommisje docht nei de pauze ferslach fan de kontrôle en bringt nei foaren dat de ponghâlder in tige moai hânskrift hat. Durk Wierda bekent dat it net syn hânskrift is omdat dit net te lêzen is en dat syn frou it skriuwwurk foar him docht. Nei in koart beried beslút de kommisje dat dit net as “fraude” beskôget hoecht te wurden en ferlient him de goedkar foar dit jier. In applaus falt him te diel.

Dat je der wol wat foar oer hawwe moatte om yn it bestjoer te kommen docht bliken út it ferslach fan de koercontoleur. Mei it pleatsen fan de kuorren yn de feart rekke se te wetter. De foarsitter wachte efkes om te sjen at se boppe kaam en sels op de wâl kaam. Doe’t dat it gefal wie krige se de meidieling dat se no in fêste sit yn it bestjoer hat.

It priissprekken is ek fêst ûnderdiel fan de gearkomste. 4 leden krije in ûnderwerp wêr at se trije minuten ûnderhâldend wat oer bybringe moatte. Simon Trommel, dy’t al trije kear de fel begearde priis (sjoch foto) mei nei hûs nimme mocht slagge hjir dit jier net yn. At it kaam trochdat hy it hûs op Funda hat en nei ûndersyk bliken die dat de “wiksel ein” boppe yn in sliepkeamer stie is net te sizzen. By it ûnderwerp “hjir haw ik gjin aktive heugenis oan” spruts hy oer it doarpsfeest, wêrby dit de oare moarns ek wol ris foarkomt by doarpsgenoaten. Wy hoopje dat hy noch lang aktive heugenis oan Rypstjerk hâlde sil!

De priis gie dit jier nei us Ryptsjerker om utens út Rinsumageast. Hy hie in ferhaal oer koarte lontsjes by minsken en einen wat je suver hast nei de strôt fleach. Ús trofee is dus efkes in jier útfanhûs.

De ferlotting levere wer in priis op foar dûmny Pit, hoewol net oanwêzich. Sa at de skriuwer earder al sei yn it jierferslach oer de foarige gearkomste “je moat it sjoen hawwe om it te liuwen”.

De gastsprekker, Andries Dijkstra, hat twaris kontroleare at it gjin april grap wie doe’t er in útnodiging krige foar dizze gearkomste. Mar op 1 april reizge hy ôf nei Ryptsjerk om ús in mei in prachtige foto’s yllustrearre ferhaal oer de natuer rûn Earnewâld te fertellen. Wat hy oer de see-earn, oare fûgels en otter fertelde wist de oanwêzigen te boeien. Nei it tankwurd fan de foarsitter oan de sprekker kaam in ein oan dizze wer tige slagge jûn.

Oan de bar waard noch efkes neipraat om al te aktive heugenis oan dizze jûn in plakje te jaan.

0 van 0