...altyd nijsgjirrich!

Tryn’s jeugdevent

Sneontemiddei 25 juny waard der wer in moai jeugdevent organisearre. Mooglik makke troch Stichting Cultureel werk BOB en KEaRN!

It waar wie brodzich mar der kamen dochs in soad bern op ôf. En dy fermakken harren bot. Sjitte wie wol in wurd dat past by dit evenemint. Sjitte mei pylk en bôge, sjitte mei in bal op it doel of troch in gat en sjitte mei in lasergame op elkoar. Foar dysels in hok of sel meitsje wie ek yn trek. Gelokkich koenen de lytsten harren fermeitsje op it springkessen. Troch in soad frijwilligers en fansels de EHBO is it in tige slagge middei wurden.

Klik op de foto hjirûnder foar in fergrutting en bepaal sels de snelheid.