...altyd nijsgjirrich!

Fryske wiken op de skoallen fan Fierkracht!

Moandei sil de ôftraap wêze fan fjouwer Fryske wiken op de fjouwer iepenbiere skoallen fan Fierkracht yn 'e Trynwâlden.

De skoallen ha it doel om yn 2030 harren taalplan op nivo A te hawwen. It sil grut oppakt wurde. De wurkkrêften en de âlden sette posityf yn op dit tema. De taal en har betsjutting yn de mienskip binne wichtige ûnderwerpen. Sa komme de bern moandei mei wat Fryske attributen en miskien Frysk ferklaaid op de Thrimwalda-skoalle.
Der binne allerhanne aktiviteiten plend. Sport, fierljeppen, preamfarren, mei in trekschuit troch Dokkum, Tresoar komt mei Fryske kultuer, der wurde keatslessen jûn, de Scherjontsjes komme oan bod en de Fryske flagge hinget fjouwer wiken út! En it wichtichste, der wurdt in soad Frysk praat mar dêrneist ek oare talen!
Koart kriemd, it Frysk kin net op dizze wiken. No mar hoopje dat it nivo A helle wurdt.
Hjirûnder noch efkes wat útlis oer de Fryske flagge.

Betsjutting Fryske flagge
In blauwe eftergrûn en trije skeane banen dêr ’t de wetterleeljes op stean. Dat is wat de flagge fan Fryslân is.
Alles dêrop hat in betsjutting. Sa steane de trije wite streken foar de plattelân streken Westergo, Zevenwouden en Oostergo. Oer de 7 pompeblêden dy ’t yn de wite streken stean is nea komplete dúdlikheid oer west. In soad minsken sizze wol dat se stean foar de âlde seelannen fan de 8e oant 14e iuw. Dy lizze op de kaart fan no op ferskate lokaasjes ferspraat. Twa hjirfan lizze dêr ’t no Dútslân leit, nammentlik tusken Jade en Weser en de oare by Eems en Jade. Dêrneist fynst de oar tusken Eems en Lauwers dêr ’t no Grinslân leit. By Reker en Vlie lei West-Friesland, dit leit no yn Noard-Hollân. It oare part leit wol lykas no yn Fryslân. By Fly en Middelsee leit Westergo. Dat is no it westlike part fan Fryslân. Sânwâlden is it súdlike part en by Middelsee en Lauwers leit Oostergo, it eastlike part. Neist dit alles hâldst noch de blauwe streken oer. Dizze stean foar de rivieren dy ’t troch dizze provinsje gean.
De flagge hat in ferhâlding fan 13:9. Dêrneist binne der ek in soad wiskundige berekkeningen foar de oare objekten opskreaun. Sa kin net elkenien de flagge neimeitsje mar bliuwt er yn syn hjoeddeiske steat.

0 van 0